It Beslút

Extra openbare raadsvergadering

woensdag 5 juni 2019 19:30
Locatie:
Raadszaal Kollum
Voorzitter:
Hayo Apotheker
Toelichting:
Dit betreft een extra ingeplande vergadering i.v.m. de burgemeestersprocedure.

Uitzending

Agendapunten

  • 1

    De voorzitter opent deze bijzondere raadsvergadering ter vaststelling van de profielschets en de verordening op de vertrouwenscommissie om 19.36 uur. Een speciaal welkom is er voor de Commissaris van de Koning, de heer Brok en de kabinetschef, mevrouw Van der Steen.


    00:00:10 - 00:00:12 - dhr. H. Apotheker, voorz.
  • 2

    De agenda wordt ongewijzigd vastgesteld.



    00:01:26 - 00:02:15 - dhr. F. Breeuwsma
    00:02:41 - 00:06:29 - dhr. H. Apotheker, voorz.
  • 3

    Dhr. Breeuwsma lokwinsket boargemaster Apotheker út namme fan de ried mei syn jierdei en oerhandiget him in attinsje. Nei it sjongen fan “Lang zal hij leven” tanket boargemaster Apotheker de ried foar de lokwinsken.

  • 4
  • 4.a

    Resultaat stemming:


    Besluit
    De raad heeft zonder hoofdelijke stemming de “Verordening vertrouwenscommissie, benoeming, klankbordgesprekken, herbenoeming burgemeester Noardeast-Fryslân (2019)” ongewijzigd vastgesteld.

    00:16:06 - 00:16:10 - dhr. H. Apotheker, voorz.
    00:16:23 - 00:16:35 - dhr. F. Breeuwsma
    00:16:38 - 00:18:10 - mw. F. Reitsma-Hazelhoff
    00:18:10 - 00:18:37 - dhr. H. Apotheker, voorz.
  • 4.b

    Besluit
    Op voorstel van de voorzitter worden de leden Reitsma-Hazelhoff en de heer Merkus benoemd tot lid van de commissie van stemopneming. De uitslag van de stemming wordt, na een korte schorsing, door mevrouw Reitsma-Hazelhoff bekend gemaakt. De raad heeft besloten: * de volgende raadsleden te benoemen tot lid van de vertrouwenscommissie: - de heer L. Sytsma (CDA, voorzitter) – met 24 stemmen voor - de heer A. Koonstra (FNP, plaatsvervangend voorzitter) – met 24 stemmen voor - mevrouw R. Slijver (S!N) – met 24 stemmen voor - de heer J.J. van der Tol (ChristenUnie) – met 23 stemmen voor - mevrouw D. Ferwerda-Havenga (VVD) – met 24 stemmen voor - mevrouw J.M. Klinkenberg (PvdA) – met 22 stemmen voor - de heer P.L. Braaksma (Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân) met 23 stemmen voor - de heer J. Talsma (ELP-NEF) – met 24 stemmen voor * wethouder mevrouw P.H. de Graaf-van der Meer te benoemen tot adviseur van de vertrouwenscommissie – met 16 stemmen voor * de heer S.K. Dijkstra (griffier) te benoemen tot secretaris van de vertrouwenscommissie en de heer H. Verbunt (algemeen directeur / secretaris) tot plaatsvervangend secretaris – beiden met 24 stemmen voor * de Commissaris van de Koning in de provincie Fryslân van de besluiten onder 4a en 4b in kennis te stellen door toezending daarvan.
  • 5

    Toelichting door de voorzitter van de VC De voorzitter van de vertrouwenscommissie, dhr. Sytsma, heet de aanwezigen, in het bijzonder de commissaris en de kijkers thuis van harte welkom. Voordat Sytsma inhoudelijk op de profielschets ingaat, zegt hij eerst iets over het proces tot nu toe. Noardeast- Fryslân zoekt een burgemeester! Een hele uitdaging. Mensen maken namelijk het verschil. De vertrouwenscommissie, bestaande uit de vertegenwoordigers van alle partijen met als adviseurs, een wethouder namens het college, de gemeentesecretaris en de griffier, is de afgelopen maanden in goede sfeer bij elkaar gekomen. Ieder lid heeft namens zijn geleding input kunnen geven aan het profiel. Deze individuele gesprekken zijn gehouden met Henk Visée van bureau 42morrow, die dit proces op een prima wijze ondersteunt. Tevens zijn de burgers in de gelegenheid gesteld via een online enquête hun bijdrage te leveren. Samen heeft dit geresulteerd in de profielschets. De profielschets bestaat uit twee onderdelen: Wa sykje wy en Wa binne wy. Wa binne wy? Eerst moet je weten wie je bent voordat je weet wie je zoekt. De gemeente Noardeast-Fryslân is op 1 januari 2019 ontstaan uit de herindeling van de voormalige gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerland ca. De gemeente telt ruim 45.000 inwoners en bestaat uit de regio- en elfstedenstad Dokkum, meer dan 50 dorpen, delen van de Werelderfgoed Waddenzee, het Nationale Park Lauwermeer en het Nationaal Landschap de Noardlike Fryske Wâlden. Landbouw vormt een groot deel van de economie naast het MKB dat maar liefst 4000 bedrijven kent. De inwoners zijn redzaam, voor een groot deel praktisch opgeleid en bekommeren zich om elkaar. Samenwerking is een belangrijke pijler voor Noardeast-Fryslân; samenwerking in Anno-verband, samenwerking met buurgemeenten, samenwerking met de inwoners om de ambities en uitdagingen aan te pakken. Een voorbeeld van het laatste is dat er wordt ingezet op het gebiedsgericht werken. Samen met de inwoners gebiedsvisies ontwikkelen en het ontwikkelen van dorpen-en wijkenbeleid met bijbehorende fondsen. Vandaag stond er in de krant een mooie foto over de dialoogwagen, de “oanheakker”. Die gaat van dorp naar dorp om informatie binnen te halen voor de gebiedsvisie. Uitdagingen hebben we ook, ambities voor de toekomst. Een paar belangrijke zijn: - Het bevorderen van het economisch klimaat en de bedrijvigheid met het oog op o.a. werkgelegenheid, economische vitaliteit en de leefbaarheid van de kernen. Niet alleen in onze gemeente maar ook in regionaal verband. De Regiodeal is daarom ook van groot belang. In een aantal dingen zijn we erg goed in onze regio: landbouw, metaal. Juist deze onderdelen willen we extra op de kaart zetten en daar geeft de Regiodeal een goede mogelijkheid voor. Ook het toerisme en de recreatie. Een deel van de Regiodeal is Holwerd aan Zee. Heel speciaal. - Een andere uitdaging waar we vandaag dubbel mee geconfronteerd werden is het spanningsveld tussen goede zorg en beschikbare middelen. Dat vraagt de komende jaren om een passende oplossing. We hebben tekort, tekort op het sociaal domein. Dat komt niet als verrassing want wij zijn niet de enige gemeente maar het is wel een uitdaging voor de toekomst. De komende jaren moeten we daar sterk rekening mee houden. - Met de waarden van natuur en landschap, rust en ruimte, een sterke regiostad en de fraaie Waddenkust hebben we veel kwaliteiten en potentie in onze gemeenten. Deze willen we doorontwikkelen en versterken en willen we verder uitdragen om onze gemeente daarmee nadrukkelijker op de kaart te zetten. Maar wa sykje wy? De gemeente Noardeast-Fryslân zoekt een burgemeester met als kenmerken: - iemand die zich interesseert voor en verdiept in de Friese cultuur, deze respecteert en daarmee om kan gaan. Je moet je in de cultuur van de Friezen verdiepen, je moet er iets mee hebben en je moet ze kunnen begrijpen. - een bestuurder met hart voor het platteland en bekendheid met stedelijke problematiek, die een scherp waarnemingsvermogen combineert met inlevingsvermogen. - leiderschap gericht op verbinding en samenwerking, waarbij ook lastige onderwerpen bespreekbaar worden gemaakt. - een boven de partijen staande onafhankelijke, vrijdenkende ontwikkelaar en strateeg, die helicopterview combineert met visie en een frisse blik. Een wijze en inspirerende bestuurder die energie brengt en daarbij anderen in hun kracht zet. - een herkenbaar en krachtig boegbeeld die op charmante en charismatische wijze het netwerk ontwikkelt en ontplooit in het belang van gemeente en regio. Als je deze eigenschappen allemaal leest, vraag je je af of zo iemand wel bestaat. Zit er niet een bepaald spanningsveld in. Iemand moet charismatisch zijn maar moet zo nu en dan ook met de vuist op tafel kunnen slaan. Dat wordt een spannende zoektocht. Kortom: we zoeken een dichtbij de inwoners staande burgemeester die de gemeente op de kaart zet. Vragen Commissaris van de Koning Hierna geeft de voorzitter het woord aan CvdK Brok. De kommissaris lokwinsket boargemaster Apotheker mei syn jierdei en winsket him noch in soad jierren ta yn sûnens en ferwûndering. De hear Brok is oanwêzich foar it opheljen fan de profylskets. De fragen dy’t hy steld binne net rjochte op it krijen fan in goed of minder goed antwurd mar geane der allinne mar om dat de minsken dy’t yn potinsje skriuwe wolle op dizze fakatuere in better byld krije fan wat de ried eksakt wol. Foardat de hear Brok úteienset mei de fragen jout hy in generale bespegeling op it amt sels. It sykjen fan in boargemaster, dy aktor, is unyk. It is yn alle gemeenten sa, yn Fryslân freget it, krekt as yn guon oare gemeenten of provinsjes, ek wer wat oars. It is in aktor dy’t boppe de partijen stean moat, tusken de minsken stiet, dy’t anti-syklys wêze kin yn syn gedrach, dy’t kontrêr wêze moat sa no en dan as dêr ferlet is en ek as jimme tinke dat der gjin ferlet fan is, dy’t autonoom is, dy’t autonomy kreëart, dy’t autonoom gesach hat en dy’t ek romte claimt, romte nimt, romte krijt. It is in unike aktor yn ús model dat we altyd noch ha yn ús lân. Net keaezen. Beneamd troch ús kening, droegen troch de ried en de mienskip. En in boargemaster is dus wat mear as in “wethâlder plus”. Dêr ha jim der al “genôch” fan. Mar in boargemaster moat ek it ferskil meitsje kinne yn dat kolleezje, ek fanút dy ûnôfhinklike, anti-syklise rol. Mar tagelyk ek as foarsitter fan de ried oan relatyf lytse partijen. Eltsenien hat syn mandaat krigen. Of it no in lytse of minder lytse partij is. Eltsenien moat syn romte krije en dy moat de romte ek aktyf krije, al dan net fia de boargemaster. De betrouwenskommisje dy’t ynstallearre is mei de adviseurs moat ek romte krije fan de gemeenteried. De adviseurs binne sis mar like wichtich as de leden. Net mei stimrjocht mar nim dy adviseurs wol op in serieuze wize mei yn de rol dy’t se krigen ha fan de gemeenteried. Jimme binne it heechste orgaan mar dy adviseurs wurkje sa no en dan ek mei dy nije boargemaster gear. Dus dêr moat ek in klik lizze. Dy witte ek fanút de saakkundichheid fan alle dagen wêr’t ferlet fan is. En ek oan de gemeenteriedsleden dy’t net yn de betrouwenskommisje wol ik kwyt: jou ek betrouwen oan de leden fan de betrouwenskommisje. Jou de minsken de romte, freegje gjin saken rinnend de proseduere. En hâldt it ek fertroulik. En ik bin tankber dat oant ta, dit is myn 9e proseduere yn Fryslân, de prosedueres yn Fryslân altyd keurich ferrinne. We dogge net oan lekkerij. Dat moat ek net. Dat skansearret de kandidaten, ek it amt sels. Wy moatte ek de kandidaten it betrouwen jaan dat jimme op in soarchfâldige wize omgean wolle mei de sollisitaasje fan dy kandidaten. En wa wol der no net nei dizze moaie, griene, romme gemeente, ek noch mei in moaie stêd der yn. Fan Waad oant en mei it Wâld. Der is fan alles wat, 50 doarpen en moaie stêd. Ik tink dat der in soad minsken binne dy’t graach boargemaster wurde wolle fan dizze gemeente. Mar it giet net om it tal brieven. It giet der om dat der goede minsken tusken sitte. It maksimaal tal brieven fan in gemeente yn dizze provinsje wie oant no ta 69. Dat wie Skiermuontseach. Eilannen binne altyd wat unyk as it giet om it tal. By oare gemeenten is dat yn it generaal wat minder, sa tusken de 10 oant 15. Mar ek dat is relatyf. It giet derom, sitte der goeie minsken by fanút it profyl wêr’t jimme aansen in klik mei krije kinne en dan in klik net foar de earste moanne of foar it earste jier, nee in klik dy’t ek op langere termyn aardich wêze kin en wêr’t jimme by eventuele werbeneaming fan sizze “neffens my ha we dat 6 of 5 jier ferlyn wol aardich dien”. Dêr wolle we noch efkes mei fierder. Hieronder volgen de vragen van CvdK Brok en in cursieve tekst het antwoord van de voorzitter van de vertrouwenscommissie. * Leit de leeftyd echt iepen? Dat is wichtich foar de kandidaat om te witten. Mei it ek immen wêze fan 63/64 jier. Of ha jimme leaver yn dy’t wat jonger is. Dat is wichtich foar de kandidaat om te witten krekt lykas hoe lang ferwachtsje jimme dat immen bliuwt. Wat is it generale gefoel dêrby. - Hjir ha we it net oer hân. Dat seit genôch. It is logysk dat immen in termyn fan seis jier folmeitsje kinne moat. * Noardeast-Fryslân leit tusken it Waad en it Wâld. Kinne jo wat mear oanjaan wat eksakt dy kultuer mar ek de sosjale struktuer fan jo gemeente is. - Dat is spesifyk. Dizze hoeke is sosjaal-ekonomysk sjoen net in sterke gemeente. De sjosjaal-ekonomyske struktuer moat fersterke wurde. Dêrom ek de Regiodeals. It bysûndere is hjir qua kultuer dat der Frysk praat wurdt mar der binne ek doarpen wêr’t se net Frysk prate. Elk doarp hat syn eigen wurden, syn eigen taal. Elk doarp hat syn eigenheid. Wat jo yn it iene doarp dwaan of sizze kinne, kin miskien yn it oare net. Dat makket sa’n gemeente hiel spesifyk. Dat freget ek maatwerk. De minsken passe op inoar. Hechte mienskippen, in goed ferieningslibben. Dat moatte we koesterje. * Wat is jo top twa as it giet om ambysjes, útdagingen, kwaliteiten en potinsje fan dit gebiet. Kinne jo noch wat sizze oer bedriuwichheid en rekreaasje. - Los fan de tekoarten op it sosjaal domein is it fersterkjen fan dizze struktuer de útdaging en ambysje. We sitte hjir net foar ússels. We sitte hjir foar ús bern. En dizze regio fertsjinnet in goede takomst, in stevige basis om fierder te gean. De sosjaal-ekonomyske struktuer mar ek de projekten dy’t wy oangean, it oanjeien fan it toerisme (Nasjonaal Park Lauwersmar), der leit hjir in enorme potinsje. Dy potinsje moatte wy benutte om wurkgelegenheid te bieden en oantrekkelik te meitsjen. Ek foar de jeugd. Oant no ta sjogge we dat jeugd hjir wei giet. Sommigen kinne hjir gjin wurk fine. De Regiodeal hat ek as doel om in ferbân te meitsjen mei de arbeidsmerk en ûnderwiis. Soargje dat de jeugd yn dizze regio in takomst hat en hjir ek bliuwt. * Jo ha it ek oer de ferbining fan de gearwurking en lestige underwerpen besprekber meitsje. Hokker lestige underwerpen binne dat dan bûten de finansjele yn it sosjale domein. Wêr leit noch mear in probleem. - Dêr ha we it net spesjaal oer hân. It kin wêze dat der dingen binne wêrby’t om de de hite brij hinne draaid wurdt. Dan moat de boargemaster sizze: ‘dêr moatte we it oer ha”. Ien moat de kwaliteiten ha om te sizzen dat as er wat sjocht er it net út de wei giet. * Jo ha it oer de gearwurking yn generale sin yn de regio. Hokker rol sjogge jo dêryn foar jo nije boargemaster. Dizze gemeente is wol de grutste gemeente yn dizze hoeke fan Fryslân. No is grut in relatyf begryp want we dogge it allegear mei-inoar mar jo kinne miskien noch wol wat konkreter wêze, los fan dat hy/sy sjarmant, de ideale skoansoan of skoandochter wêze moat. Jo kinne miskien noch wat konkreter wêze. Wolle jo wat mear fokus jaan op dat punt. Jo freegje in strateech, in bestjoerder dy’t ynspiraasje jout, dy’t enerzjy jout, sjarmant is, charismatysk is. Is der mei sa’n ekstraverte persoanlikheid noch wol romte foar normale minsken. Foar de wethâlders bygelyks. Want dy binne polityk. De boargemaster is net fan de polityk, de kommissaris ek net. De boargemaster stiet boppen de partijen. De politisy moatte de romte ha. In boargemaster hat gjin polityk mandaat. Dat moat hy ek net wolle. Meitsje it ek net polityk. Nim de persoan, de persoanlikheid dy past by dizze gemeente. Nim de persoanlikheid dy’t past by wat de betrouwenskommisje of de ried frege hat yn de profylskets. Yn it ferlingde hjirfan de folgjende fraach. Jo sizze yn de profylskets wat oer de rol fan de boargemaster. In tal fan eigenskippen: sichtber, goed benei te kommen, rolfêst, heldere kommunikaasje, betrouwen, ambassadeur, aktyf, ûnderstiper, stimulearjend, betrouen, respektfol, liederskip, fyzje, strategy, liederskip, lobbyïst, netwurker. Op alle rollen ekselleare kin fansels net. Wêr leit no de prioriteit. Ik wol dat de minsken dy’t twivelje oer sil ik no skriuwe op dizze gemeente of bygelyks Amelân, dat se ferskil meitsje kinne tusken de iene of de oare gemeente. - Ien kwalifikaasje is wol tige wichtich en dat is maklik benei te kommen. Tichtby de minsken, tusken de minsken yn stean. Dêr krigest ek ynlibbingsfermogen fan, dêr floeie ek in protte oare dingen út fuort en helder kommunisearjen is ek tige belangryk. * De hear Brok sprekt syn kompliminten út foar de skriuwers fan de profylskets en hy sitearret in moaie sin dy’t hy meinimme wol nei syn kollega’s as er ynkoarten wer oerlis hat mei de minister fan Ynlânske Saken: “De Friese cultuur kent tradities zoals het carbidschieten die van de burgemeester een nuchtere, pragmatische, binnen de gemeenschap passende aanpak vragen. Bij handhaving verwacht de raad een niet rigide hantering van de regels.” Wolle jo no echt in boargemaster dy’t himsels net hâldt oan de regels. Hoe sit dat? Wat sit der efter? Dêr moatte jo wat mear tekst op leverje. - It kin net wêze, sa ha we redeneard, dat de rigels soargje dat bepaalde kultuerferskynsels troch de rigels om sjippe holpen wurde. Je moatte de rigels net oan de kant goaie mar jo moatte mei-inoar yn petear gean om te sjen wêr’t de ferantwurdlikheden lizze en hoe’t der binnen de rigels bepaalde kulturele uteringen dochs trochgean kinne. * Jo freegje net yn de de profylskets om relevante polityke bestjoerlike ûnderfining of wurk- of tinknivo. Betsjut dat dat jo ek iepenstean foar sydynstreamers, minsken dy’t totaal fanút in oare hoeke komme en tinke dat liket my ek wol wat. Binne jimme ek ûntfanklik foar minsken mei in eftergrûn by justysje of plysje. Of moat it beslist in boargemaster wêze fan in lytsere gemeente of in wethâlder fan in grutte gemeente? - Hjir ha we it net spesjaal oer hân. We steane der iepen foar. As minsken foldogge oan de kwaliteiten dy’t wy steld ha, dan is it gjin belemmering. * Jo prate net oer diversiteit. Wat is dêr de reden fan? Ik besykje by alle prosedueres in tal fan direkt beneambare froulju as kandidaat te hawwen om’t ik persoanlik fan betinken bin dat we altyd noch te min froulju yn it amt ha. Ek foar dizze gemeente moat it mooglik wêze dat ek froulike kandidaten lykweardige kânsen ha. - Wy ha it der net oer hân. Dat seit genôch. Wy ha gjin foarkar. It giet om de kwaliteit. * En dan stiet der in sin yn oer de Fryske taal. Jo ferwachtsje dat de kandidaat de ambysje hat om him de Fryske taal eigen te meitsjen. De ûnderfining seit dat yn hast alle gemeenten fan dy 9 gemeenten in lykweardige sin opnommen wurdt mar yn de praktyk by de petearen wurdt der dan sein dat men in Fries ha wol. Dêr moatte jo rjochting de kandidaten earlik yn wêze. Wês mar dúdlik yn wat jimme ha wolle. En neffens my is it sa ek yn dizze hoeke fan Fryslân dat ien mear ha moat mei ús taal, kultuer en identiteit as allinnich mar it eigen te meitsjen. Dat klinkt my wat te passyf. - As jo ticht by de minsken stean wolle, dan moatte jo de taal ferstean. As jo noch tichter by de minsken stean wolle moatte jo de taal ek prate kinne. Om it Frysk skriuwe te kinnen, giet ús te fier. Dat set de saak net op slot foar dejingen fan bûten Fryslân as se mar ree binne it ferstean en it praten fan it Frysk te learen. Aanbieden profielschets aan Commissaris van de Koning De voorzitter van de vertrouwenscommissie overhandigt de vastgestelde profielschets aan CvdK Brok. De commissaris wenst de raad veel sterkte met de verdere procedure.


    Resultaat stemming:


    Besluit
    De raad heeft de Profielschets burgemeester Noardeast-Fryslân ongewijzigd vastgesteld.

    00:18:44 - 00:25:37 - dhr. L. Sytsma
    00:25:37 - 00:25:53 - dhr. H. Apotheker, voorz.
    00:25:58 - 00:45:23 - Drs. A.A.M. Brok, CvdK
    00:45:23 - 00:45:32 - dhr. H. Apotheker, voorz.
    00:45:41 - 00:54:02 - dhr. L. Sytsma
    00:54:02 - 00:54:09 - dhr. H. Apotheker, voorz.
    00:54:11 - 00:55:13 - Drs. A.A.M. Brok, CvdK
    00:55:14 - 00:55:59 - dhr. H. Apotheker, voorz.
  • 6

    De voorzitter sluit de vergadering om 20.33 uur.